Kinderen groep 5 ontvangen Fries boek: ‘In nuvere nacht’

Fan ‘e moarn in snipferkâlden kollega-wethâlder Pytsje de Graaf ferfongen by de útrikking fan it berneboek ‘In nuvere nacht’ fan Anne-Goaitske Breteler yn ‘e teatertsjerke yn Nes. It boek is basearre op de prachtige tentoanstelling Nachtwacht 360 en spesjaal skreaun foar it projekt ‘Jou in bern in boek’ fan de Gemeente Noardeast-Fryslân, yn ‘e mande mei de bibleteken, dat as doel hat it Frysk lêzen by bern te stimulearjen. En sjoen it entûsjasme fan de bern sil dat grif slagje. Alle groepen 5 yn ús gemeente krije it boek. Al dyjingen dy’t meiwurke hawwe, tige tank!

Meer artikelen