En dan wurde je moarns wekker mei it niis dat de WOZ yn Noardeast-Fryslân it measte fan hiel Nederlân stegen is: mei 19,5 persint. Dat frege om útlis en dy haw ik fanmiddei jûn by Omrop Fryslân.
We sjogge dat Noardeast-Fryslân hieltyd populêrder wurdt by huzekeapers; ek mei de komst fan de Sintrale As. En de prizen fan huzen en dus de WOZ-wearde geane dêrmei ek omheech. Dat is al in oantal jierren oan ‘e gong.
As kolleezje wolle wy lykwols net dat de OZB ek omheech giet, sjoen dizze drege tiid foar in hiel soad ynwenners fan ús gemeente mei hieltyd hegere prizen; foaral foar enerzjy. We sille dêrom by de begrutting mei it foarstel komme om de OZB te befriezen en net stiigje te litten mei de WOZ.
Lês hjir it artikel op de site fan Omrop Fryslân: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/1165248/dit-is-de-trochsneed-woz-wearde-yn-dyn-gemeente