Nije single mei De Wâldsang en It Skriuwboerd

Boargemaster én muzikant. Meastentiids hâld ik it skieden, mar foar it projekt ‘Taal en Kultuer op Strjitte’ mocht ik it boargemasterskip in kear kombinearje mei myn grutte hobby: muzyk meitsje. Foar dat projekt waard ik frege om in liet te skriuwen oer de gemeente Achtkarspelen, wêryn’t alle doarpen foarkomme moasten. It hjit ‘In Pracht Paad Troch 8K’ en it stiet no op Spotify, Apple Music en YouTube.

It liet is de ‘soundtrack’ fan it projekt ‘Taal en Kultuer op Strjitte’. Bern út Achtkarspelen wurde dêrby oproppen om op syk te gean nei taal en kultuer yn harren direkte omjouwing. Dat kin in keunstwurk of stânbyld wêze, mar se kinne ek de skiednis fan in moai âld hûs of de herkomst fan in strjitnambuordsje ûndersykje. It resultaat fan harren syktocht, meie se presintearje yn in liet, in rap, in filmke, betink it mar… As boargemaster kom ik graach op skoalle del om it resultaat te bewûnderjen. Wolle jim mear witte (ynklusyf in prachtich promoasjefilmke fan Jurre Ellens) sjoch dan op: https://www.achtkarspelen.nl/kultuer-op-strjitte

En dat is noch net alles!

Earder waard ik ferrast troch Cultuurcentrum de Wâldsang út Bûtenpost dy’t it liet útfierd hawwe by harren maitiidskonsert op 20 febrewaris lêstlyn (sjoch: https://www.youtube.com/watch?v=x_aExIm3y7o). Dêr treden doe trije jonge fokalisten op mei rappende learlingen fan OBS It Skriuwboerd út Surhústerfean. It wie geweldich! 

En dat brocht my op it idee om de live-opnames te miksen mei myn eigen studio-opname fan it liet. Dat is hjoed-de-dei net sa dreech mear. Ik ha de blazers, sjongers en rappers fan it live-optreden mikst mei myn eigen studio-opnames. En dat is aardich slagge, al sis ik it sels. It resultaat kinne jim no dus beharkje op Spotify, Apple Music en YouTube.

Ik ha sels de tekst en muzyk fan it liet skreaun. Andries Renema fan Kultuersintrum De Wâldsang hat der in arranzjemint by makke. Ik sjong en spylje meardere ynstruminten op de opname en ik ha de produksje foar myn rekken naam.

Fierder dogge mei fan Kultuersintrum De Wâldsang: koperblazers Annemarije Zondervan, Gerk Huisma en Theun van Leijen en sjongers Jeldou de Boer, Eline de Zwart en Jurre Feenstra. De rap komt fan Rosalyn Schaaf, Rhixt Kooistra, Feline Postma, Milana Jacobs en Yara Hamstra fan OBS It Skriuwboerd yn Surhústerfean. Hans Postma hat de (live)opnames makke. 

Elkenien tige tank foar jim meiwurking!

Jim kinne it liet ‘In Pracht Paad Troch 8K (Mei De Wâldsang en It Skriuwboerd)’ fine op:

Nederlands

Burgemeester en muzikant. Meestal houd ik het gescheiden, maar voor het project ‘Taal en Cultuur op Straat’ mocht ik het burgemeesterschap een keer combineren met mijn grote hobby: muziek maken. Voor dat project werd ik gevraagd een lied te schrijven over de gemeente Achtkarspelen, waarin alle dorpen moesten voorkomen. Het heet ‘In Pracht Paad Troch 8K’ en is nu te beluisteren op Spotify, Apple Music en YouTube.

Het lied is de ‘soundtrack’ van het project ‘Taal en Cultuur op Straat’. Kinderen uit Achtkarspelen worden daarbij opgeroepen om op zoek te gaan naar taal en cultuur in hun directe omgeving. Dat kan een kunstwerk of een standbeeld zijn, maar ze kunnen ook de geschiedenis van een mooi oud huis of de oorsprong van een straatnaambordje onderzoeken. Het resultaat van hun zoektocht kunnen ze presenteren in een lied, een rap, een film, noem maar op… Als burgemeester kom ik graag op school langs om het resultaat te bewonderen. Wil je meer weten (inclusief een prachtige promotiefilm van Jurre Ellens)? Kijk dan op: https://www.achtkarspelen.nl/kultuer-op-strjitte

En dat is nog niet alles!

Eerder werd ik verrast door Cultuurcentrum De Wâldsang uit Buitenpost, die het nummer op 20 februari jl. tijdens hun voorjaarsconcert uitvoerden (zie: https://www.youtube.com/watch?v=x_aExIm3y7o). Daar traden toen drie jonge vocalisten op met rappende leerlingen van OBS It Skriuwboerd uit Surhuisterveen. Het was geweldig!

En dat bracht me op het idee om de live-opnames te mixen met mijn eigen studio-opname van het nummer. Dat is tegenwoordig niet zo moeilijk meer. Ik heb de blazers, zangers en rappers van de live-uitvoering gemixt met mijn eigen studio-opname. En dat is best goed gelukt, al zeg ik het zelf. Je kunt het resultaat nu beluisteren op Spotify, Apple Music en YouTube.

Ik heb de tekst en muziek van het nummer zelf geschreven. Andries Renema van Cultuurcentrum De Wâldsang maakte er een arrangement bij. Op de opname zing en speel ik diverse instrumenten en heb ik de productie voor mijn rekening genomen.

Verder doen mee vanuit Cultuurcentrum De Wâldsang: koperblazers Annemarije Zondervan, Gerk Huisma en Theun van Leijen en zangers Jeldou de Boer, Eline de Zwart en Jurre Feenstra. De rap komt van Rosalyn Schaaf, Rhixt Kooistra, Feline Postma, Milana Jacobs en Yara Hamstra van OBS It Skriuwboerd in Surhuisterveen. Hans Postma maakte de (live)opnames. 

Iedereen hartelijk dank voor jullie medewerking!

Jullie kunnen het lied ‘In Pracht Paad Troch 8K (Mei De Wâldsang en It Skriuwboerd)’ vinden op:

Spotify: https://open.spotify.com/album/1B8eKIw6p6mNBliw0pQBoZ?si=D8ig9jomRLKU4RDGWeWSxQ

Apple Music: https://music.apple.com/nl/album/in-pracht-paad-troch-8k-single/1889102773

en YouTube:

Meer artikelen