Myn nije EP: Shoegaze op de piano

De tekst en muzyk fan it liet ‘Skaadkant yn ‘t Ljocht’ skreau ik al yn 2006. Yn de ôfrûne 20 jier haw ik meardere ferzjes fan it nûmer opnaam, mar it wie my hieltyd net nei de sin. Oant no. By dizze opname haw ik my ynspirearje litten troch Shoegaze, in muzyksjenre mei in ‘wall of sound’ fan dreamerige gitaar- en sangpartijen mei in soad galm en distortion. 

Lykwols haw ik gjin gitaren brûkt, mar bin ik eksperimintearjen gien mei galm en distortion op de piano. Sa wurdt de basis fan it liet foarme troch in pianopartij mei overdrive en sjongt in oare piano, mei in soad galm, der trochhinne. En ek de sang is licht ferfoarme.

It past wat my oanbelanget hiel goed by de tekst fan it liet dy’t giet oer in begjinnende leafdesrelaasje wêryn’t men inoar kennen leard en harren iepenstelt foar inoar. Sa sjogge de geleafden ek de tsjustere kant fan inoar. Foar de ien wurket dat befrijend, mar rjochting de oare fielt dat benearjend.

Ik ha de tekst ek oersetten nei it Ingelsk. ‘The Dark Side in Me’ stiet as twadde op de EP.

Jim kinne de EP ‘Skaadkant yn ‘t Ljocht’ no beharkje op Spotify, Apple Music en Youtube.

(Nederlands)

De tekst en muziek van het lied ‘Skaadkant yn ‘t Ljocht’schreef ik al in 2006. In de afgelopen 20 jaar heb ik meerdere versies van het nummer opgenomen, maar ik was er steeds niet tevreden over. Tot nu. Bij deze opname heb ik me laten inspireren door Shoegaze, een muziekgenre met een’ wall of sound’ van dromerige gitaar – en zangpartijen met veel galm en distortion. 

Echter heb ik geen gitaren gebruikt, maar ben ik gaan experimenteren met galm en distortion op de piano. Zo wordt de basis van het lied gevormd door een pianopartij met overdrive en zingt een andere piano, met veel galm, er doorheen. En ook de zang is licht vervormd. 

Het past wat mij betreft heel goed bij de tekst van het lied die gaat over een beginnende liefdesrelatie waarin men elkaar leert kennen en zich openstelt voor elkaar. Zo zien de geliefden ook de donkere kant van elkaar. Voor de een werkt dat bevrijdend, maar richting de ander voelt dat beklemmend. 

Ik heb de tekst ook vertaald naar het Engels. ‘The Dark Side in Me’ staat als tweede op de EP.

Jullie kunnen de EP ‘Skaadkant yn ‘t Ljocht’ nu beluisteren op Spotify, Apple Music en Youtube.

(English)

I wrote the lyrics and music for the song ‘Skaadkant yn ‘t Ljocht’ back in 2006. Over the past 20 years, I have recorded multiple versions of the song, but I was never satisfied with them. Until now. For this recording, I drew inspiration from Shoegaze, a music genre featuring a ‘wall of sound’ of dreamy guitar and vocal parts with a lot of reverb and distortion.

However, I did not use guitars; instead, I started experimenting with reverb and distortion on the piano. Thus, the foundation of the song is formed by a piano part with overdrive, while another piano, with a lot of reverb, sings over it. The vocals are also slightly distorted.

As far as I am concerned, this fits very well with the lyrics of the song, which are about a budding romantic relationship in which people get to know each other and open up to one another. In doing so, the lovers also see each other’s dark side. For one, this is liberating, but towards the other, it feels oppressive.

I have also translated the lyrics into English. ‘The Dark Side in Me’ is the second track on the EP.

You can now listen to the EP ‘Skaadkant yn ‘t Ljocht’ on Spotify, Apple Music, and YouTube.

Spotify: https://open.spotify.com/album/3u8G5xTyYS1eVmFQtvMNtL?si=Zg3ixVznQZe6zTepw3wwJA

Apple Music: https://music.apple.com/nl/album/skaadkant-yn-t-ljocht-single/1890820504

YouTube: https://youtube.com/playlist?list=OLAK5uy_lt3If9Vp3FILBZxYNRPhLLbm5Y2P-JRQY&si=B8AHZ1C2uiZgCjvl

Meer artikelen