eigen teksten

Jou my dyn hân

Jou my dyn hân
En nim my mei
Jou my dyn hân
Help my oerein

Wiis my de wei
Nei Dy ta
Wiis my de wei
Dy’t ik sa
lang socht ha

Jou my dyn hert
It is myn ljocht
Jou my dyn hert
Ik sykje noch

Wiis my de wei
Nei Dy ta
Wiis my de wei
Nei de ein
Fan de nacht

Lit my net los
Lied my hjirtroch

Jou my dyn hân
En nim my mei
Jou my dyn hân
En wiis my de wei

mei dy

Ik hear it tikjen fan ‘e klok
Ik bin al wekker, do sliepst noch
In nije dei stiet foar it rút
Stekt har hannen nei dy út

En hiel swiet sis ik
Wat ik sa lûd al wit
Mei dy, mei dy, wol ik troch, wol ik troch
Mei dy, mei dy, wol ik troch, wol ik troch
De tiid

Ik fiel it bûnzjen fan myn hert
It kloppet wat wy ha, ja echt
Ik krûp wat tichter tsjin dy oan
Gefoel fan lok brekt troch de moarn

En hiel swiet sis ik
Wat ik sa lûd al wit
Mei dy, mei dy, wol ik troch, wol ik troch
Mei dy, mei dy, wol ik troch, wol ik troch
De tiid

Hearst myn liet?
Myn dageliet?
Want ik wol troch
Mei dy troch
De tiid

simmerdei

Yn ‘e dize fan ‘e dei
Wurde wy op wjukken wei
Yn in gouden gloed
En fol fjoer ferwaarmest my
As dyn soele stimme sijt
Yn in sinnefloed

Do bist, sa’t Shakespeare sei,
As in simmerdei

Yn in bêd fan goudsjeblom
Lizze wy foldien en loom
Yn it jûntiidsrea
En de weagen waarme wyn
As in tekken tin en fyn
Lûke lij oer ús lea

Do bist, sa’t Shakespeare sei,
As in simmerdei

En al is de skriuwer noch sa grut
Hy fangt dy net yn in wurd
Mar as ik dy ferlykje mei
Dan bisto leafliker as
In simmerdei

Harkje hjir nei it liet

hâld my no

Ik fiel dyn tút
Op myn wang
It ljocht giet út
Ik bin bang
Foar de nacht
Dy’t moarn wer komt
De striid, de klacht
Oeral om

Wie mem hjir mar…
Wêrom bisto eins net mear by har?

Hâld my no
Hâld my no
Fêst lykas eartiids
Fêst oan hoe’t it wie

Ik fiel dyn tút
Sêft mar kâld
De doar dy slút
Om myn wrâld
Ik lis hjir stil
Mar ik sliep noch net
Wêr tochtsto oan
By dy tút krekt?

(tochtsto)
Wie mem hjir mar…?
Wêrom likesto dochs safolle op har?

Hâld my no
Hâld my no
Fêst

Harkje hjir nei it liet

jeanette

In stimme slûpt troch myn holle
En flústert yn myn ear
Doch it no! Do wolst it!
It libben docht sa sear

Ik wol net harkje, mar ik hear dy wol
Stimme

De stilte falt stees swierder
As de stimme lûder wurdt
Hy rûst, hy ropt, hy raast troch myn kop
De besnijing is sa grut

Ik wol net harkje, mar ik hear dy wol
Stimme

Ik wit wol, ik bin net ûnsjoch
It libben is moai
Mar it pleaget my dochs

De twifel snijt as in mes troch my
Hat krassen set yn myn siel, myn hert

Jeanette

Harkje hjir nei it liet

beautiful gate

De lege stoel op it jierdeisfeest
Dat byld dat rekke my it meast
De lege stoel, de taart, de bern sa blier
En it feest dat gjin feest wie

Want sy wie der net by
Want sy wie der net by

Sweetness, sweetness
Just passing through
Just passing through this world
On her way to heaven, little girl

Har tredde jierdei, mar foar har gjin feest
Se lei op bêd en fjochte tsjin ‘e Aids
Se harke nei it leven, bûten, troch it rút
Mar ik hearde ek it gûlen der boppe út

Want sy wie der net by
Want sy wie der net by

It wie twa dagen letter dat sy ferstoar
Safolle noch folgen en gongen har foar

Sweetness, Sweetness
Just passing through
But loving every day
Just passing through
A beautiful gate

Harkje hjir nei it liet

sinleas geweld

Midden yn it bosk
Stie in grutte beam
Yn ‘e bloei fan syn libben
Yn ‘e simmer fan syn bestean

Hy hie stoarmen trochstien
Blêden ferlern yn ‘e hjerst
Ek hie der de winters oerlibbe
Mar de minsken koe der net

Hy stie dêr grutsk yn ‘e wyn
Mar se kamen en hakken op ‘m yn
Doe dy nacht waard er feld
Yn in stoarm, in stoarm fan sinleas geweld

It wie in bluisterige dei
En doe kaam de neare nacht
Hy joech stimme oan stil protest
Mar nimmen hearde syn klacht

Hy stie dêr grutsk yn ‘e wyn
Mar se kamen en hakken op ‘m yn
Doe dy nacht waard er feld
Yn in stoarm, in stoarm fan sinleas geweld

Mei woartel en al
Waard er skuord út dit bestean
En wat er neiliet
Is it gat dêr’t wy yn stean’

Hear it rûzjen fan ‘e beammen
It gûlen fan ‘e wyn
Of is it soms it bosk
Dat seit wat it er fan fynt

Harkje hjir nei it liet

Meer artikelen