
Ynbrekkers yn Fryslân kinne it rêstich oan dwaan, want de plysje kin wol efkes ûnderweis wêze. De Fryske plysje is minder rap by in melding as it lanlike gemiddelde.
Lanlik sjoen is 83 prosint fan de ritten binnen 15 minuten teplak. Yn Fryslân skoare allinnich de gemeenten Ljouwert en Smellingerlân better, mei 86 en 83,5 prosint. Yn de rest fan Fryslân leit it ûnder it lanlike gemiddelde.
Foaral op de Waadeilannen leit it gemiddelde in stik leger. Sa as op Skylge, wêr’t 45 persint fan de gefallen de plysje binnen in kertier teplak is. Op fêste wâl docht Achterkarspelen it it minst goed mei 59 prosint.
Boargemaster Jouke Douwe de Vries fan Achtkarspelen fynt it soarchlik, mar oan de oare kant lit hy witte dat dit al jierren spilet. “It hat te krijen mei de grutte fan it gebiet.”
Wat opfalt is dat de sifers yn buorgemeente Tytsjerksteradiel folle better binne. Hjir is de plysje yn 80 prosint fan de gefallen binnen in kertier teplak.
“Dat hat alles te krijen mei it plak fan de plysjeposten”, leit De Vries út. “Dy binne yn Dokkum en Burgum. Fan hjirút wurdt oanriden nei ús gemeente ta.”
Krappe besetting
De Vries hat kontakt hân mei de plysje. “Se dogge echt harren stjonkende bêst om op tiid te kommen, mar der is krappe besetting op de posten.” Dus mear personiel liket hjir foaral de oplossing te wêzen.
Wol is de gemeente yn oparbeidzjen mei de plysje dwaande om te sjen hoe’t de oanrydtiden yn Achtkarspelen ferbettere wurde kinne. Sa wurdt der tocht oan saneamde stipepunten.
Mar ek dêr jildt wer dat dizze posten wol beset wurde moatte mei personiel. “Der moat mear personiel by de plysje komme”, sa slút De Vries syn ferhaal ôf.
Boarne: Omrop Fryslân
Foto: ANP
