koarte ferhalen

 

 

ynspiraasje

– Dokter, ik ha lêst fan ynspiraasje
– Wat sizze jo?
– Ik ha lêst fan ynspiraasje!
– O, en wat mankeart der dan oan?
– No, dat sil ik jo fertelle. It kribelet en jûket my oeral en ik fiel hiel bot de drang om …

– O, jo bedoele ‘yrritaasje’
– Nee, dokter, jo harkje net goed, ik ha lêst fan ynspiraasje! Der sit my wat dwers en ik sit mar te stinnen en te pûsten, it moat der gewoan út!

– O, no wit ik it! Jo bedoele ‘konstipaasje’!
– Nee, ik sis jo dochs, it is ynspiraasje, dêr ha ‘k lêst fan. Somtiden wurd ik midden yn de nacht wekker, driuwend yn it swit, en dan …

– O, ‘transpiraasje’, dat is it, dat is wat jo bedoele!
– Nee, dokter, dat is it net …
– O, no, dan wit ik it ek net. Goeie man, ik leau net dat ik jo helpe kin. Mar wit je wat? Ik leau jo sitte der sa fol fan, ik soe it mar ris opskriuwe.

 

 

brommobyl

Stie ik lêsten mei de tûme omheech lâns de dyk, woe net ien my meinimme. Ik begûn al hast woartel te sjitten (ik hie tafallich myn woartelpystoal by my), doe’t er in brommobyl stoppe. In man fan in jier as tachtich draaide it rútsje hiel stadich del en frege:
– ,,Wêrom steane jo hjir lâns it fytspaad?’’
Ik seach him wat ferheard oan, mar ik liet my net út it fjild slaan en frege op myn beurt:
– ,,Mei ik in lift fan jo?’’
– ,,No… nee, dy haw ik net by my,’’ sei de man. ,,It is mar in lyts weintsje, sjoch. Mar jo meie wol meiride nei de stêd. Dêr is fêst wol in winkel wêr’t se liften ferkeapje.’’

No moast ik ek nei de stêd ta, dus dat kaam goed út. Dat ik stapte yn (of better: ik wjirme my neist de man yn it lytse autootsje) en wy setten útein.

En ik moat sizze: It gong net sa hurd, mar it ride wol noflik. Je kinne rêstich wat om je hinne sjen en je komme nochris wat minsken foarby. Of eins: Se kamen ús foarby.

Doe’t it fytspaad ophold, gong it fol gas de grutte dyk op. En by it earste it bêste krúspunt stienen alle ljochten op grien, mar trape de man allemachtichst hurd op ‘e rem. Ik hie gjin gurdle om en ik wie sa mei myn noas troch de foarrút flein, as wy mei syn twanen net folslein klem sitten hienen yn it weintsje.
– ,,Wat no?’’ frege ik ferskrikt.
– ,,In stopljocht,’’ antwurde er, ,,dus stopje!’’

Doe’t ik him derfan oertsjûge hie dat er wol trochride mocht, gong de reis fierder. Mar by de folgjende krusing stoppe er wer en diskear wienen der gjin ferkearsljochten.
– ,,Wat is der?’’ frege ik.
– ,,Der komt in auto oan,’’ murk er op.
– ,,Ja, mar dy slacht ôf,’’ sei ik.
– ,,Nee hear, hy riidt troch!’’

Doe’t de oare auto de bocht om gie, sei er noch.
– ,,Hiest net efkes sizze kinnen dat er de bocht om gie?’’
Mar ik hold my wyslik stil.

Lokkich wienen wy dêrnei al gau yn ‘e stêd en frege ik:
– ,,Wolle jo my dêr wol ôfsette?’’
– ,,Jawol hear,’’ sei er, ,,dat is dan hûndert euro.’’
– ,,Dat is ôfsetterij,’’ protestearre ik.
– ,,Ja krekt. Mar dat woenen jo dochs?’’

En sa kaam der in ein oan in wol hiel apart ritsje.

 

 

twatalich

– Met De Boer
– (…)
– Ah, goeiedag, juf.
– (…)
– Wat segge je nou? Kan ons Teake geen goed Nederlans?
– (…)
– Mar wij voede ‘m juist Nederlanstalig op, sodat hij ‘m later goed redde kan.
– (…)
– Wat segge je? As je een kind tweetalig opvoede, dan komt dat ’t taalgevoel te goede?
– (…)
– O nou, as dat so is, dan moete wij ons Teake ook mar tweetalig opvoede gaan.
– (…)

– Teake! Kom ris bij papa!
– (…)
– Hé, moast lústerje. Juf seit dat wy dy Fries moatte leare.

 

 

ferkear(d)

– ,,Wat sitte wy hjir noflik, net?’’
Twa manlju sitte op it terras by hotel-restaurant De Posthoorn yn Dokkum.
– ,,Ja, en wat in prachtich útsicht hawwe wy hjir. De Syl dêr sa, mei de mûne wat op de eftergrûn, en dan de hûskes hjir oan it wetter.’’
De manlju genietsje sichtber.
– ,,Wat is de sinne der fan ‘e moarn lekker by, net?’’
– ,,Ja, it is noch mar maart, mar de jas kin hast út!’’
– ,,Ober, twa kofje graach!’’

In auto riidt foarby.

– ,,Krimmel, se ride je hjir hast oer de tiennen!’’
– ,,Ja, … ik lies lêst trouwens yn ‘e krante dat se hjir yn Dokkum diskusjearre hawwe oer it ferkear yn ‘e binnenstêd.’’
– ,,No, en wat kaam dêr út?’’
– ,,Och, net safolle.’’
– ,,O, hoe dat sa?’’
– ,,No, de minsken binne wol tefreden mei…’’

In frachtauto riidt foarby.

– ,,Wat seidest?’’
– ,,De minsken binne wol tefreden mei hoe’t it ferkearsbelied op it stuit is!’’
– ,,O? Hiene se net mear te melden?’’
– ,,Jawol, mar dêr kaam it koartsein op del. Se wolle yn elts gefal…’’

In auto toetert lûd, om’t in buske net genôch oan ‘e kant giet om der lâns te kinnen.

– ,,Wat seidest?’’
– ,,Se wolle yn elts gefal gjin knip op ‘e Syl’’
– ,,Watte?”
– ,,In knip op ‘e Syl! Se wolle net dat de Syl ôfsletten wurdt foar autoferkear.’’
– ,,O, wol de gemeente dat dan?’’
– ,,Nee, ik leau it net, mar se fûnen it wol aardich om dy opsje ek mei te nimmen yn de diskusje.’’
– ,,Mmm, mar ik miende dat ik krekt al in spandoek hingjen seach tsjin sa’n knip op ‘e Syl?’’
– ,,Ja, dy minsken sille wol tinke: As de gemeente soks dochs noch in kear fan plan is, dan witte se yn elts gefal hoe’t wy deroer tinke.”
– ,,En wêrom wolle se dan gjin knip op ‘e Syl?”
– ,,No, dan soene de winkels net mear …”

Der riidt in sportauto ferskuorrend hurd foarby.

– ,,Watte?’’
– ,,Dan soene de winkels net mear berikber wêze.’’
– ,,O, meie je dan ek net mear fytse en rinne oer de Syl?’’
– ,,Ja, natuerlik wol!’’
– ,,Mar dan kinne je dochs wol by de winkels komme?’’
– ,,Ja, mar net sa maklik mear en je kinne net mear de auto foar de doar sette.’’
– ,,O, mar dat kin yn in hiele protte stêden dochs al net mear?’’
– ,,Jawol, mar je moatte ek tinke om de âlderein…’’

In fuotgonger wurdt foar harren noas hast oanriden troch in auto.

– ,,No, dat gong krekt goed. Mar… eh … sa’t ik sei, je moatte ek tinke om de âlderein dy’t net sa goed mear rinne kin.’’
– ,,Ja, mar dêr kinne je dan dochs it útsûndering foar meitsje.’’
– ,,Ja, dat soe kinne…’’

– ,,Is yn de diskusje ek sein wêrom se it ferkearsbelied feroarje wolle?
– ,,Wat bedoelst?’’
– ,,No, wat foar fizy of ideology sit derefter? Hawwe se it bygelyks noch hân oer it miljeu?’’
– ,,Nee, ik leau it net, mar der is noch wol efkes praat oer de leefberens. Se fine dat de binnenstêd leefber bliuwe moat foar de minsken dy’t der wenje.’’

De manlju ljurkje oan harren kofje en snuve de dampen op fan de foarbyridende auto’s.

Meer artikelen