
Het kan zomaar worden beschouwd als ode aan Achtkarspelen, het lied dat vrijdagavond, tijdens het voorjaarsconcert van Cultuurcentrum De Wâldsang in Buitenpost, zijn wereldpremière krijgt. Geschreven door… burgemeester Jouke Douwe de Vries (55).
‘Ik rin troch de greiden / Ik rin troch de bosk / Ik rin fan de Loane / Alhiel nei Bûtenpost’.
Een burgemeester die muziek componeert, geïnspireerd door zijn eigen gemeente. Hoe is dat zo gekomen?
„Dit wie in fersyk. Ik waard frege yn it ramt fan in projekt, bedoeld foar bern út de boppebou fan de basisskoallen en de ûnderbou fan it middelbier ûnderwiis. It giet dêrby om de promoasje fan de Fryske taal, mar it projekt nûget bern ek út om harren eagen te iepenjen foar kultuer om harren hinne. It ferske dat ik makke ha is dêr de drager fan. De soundtrack, sis mar.”
„Foar de dúdlikheid: ik ha de tekst en de melody skreaun, mar de minsken fan De Wâldsang ha dat fierder útwurke. Bygelyks foar koperblazers. Of foar rap. Dêr lient it him ek foar. Ik wit noch net hoe’t it freed krekt útfierd wurde sil. Ik bin hiel benijd.”
Waarom kwamen ze bij u terecht?
„Ik skriuw al ferskes sûnt myn puberjierren. En dus noch hieltyd. Ik mei graach efter de piano sitte. Dat helpt om de holle leech te meitsjen. It is in útlitklep. Dêr, oan ’e piano, ûntsteane dan ideeën foar myn nûmers. Ik ha thús in studiootsje, dêr nim ik se op. Healwei 2023 ha ’k ris in nûmer as fjirtich op Spotify setten. Yn eigen behear, hear. It is puer hobby. Der harkje alle moannen op Spotify troch innoar hinne fyftich minsken nei myn muzyk. Dat is dochs moai?”
‘Ik skriuw al ferskes sûnt myn puberjierren. En dus noch hieltyd’
Is dat te combineren, de muziek en het burgemeesterschap?
„No, in nûmer skriuwe kin soms al yn in oere. En it opnimmen kin yn in jûn. Mar dan begjint it measte wurk. It útwurkjen, it ôfmiksen. Dat moat echt yn ’e fakânsjes. Oars ha ik dat net oan tiid.”
„Yn it ferline, doe’t ik wethâlder yn Noardeast-Fryslân wie, ha ik yn dy funksje ek wolris wat muzikaals dien. As ik wat iepenje moast of sa.Mar as boargemaster doch ik dat net. Dat past net by dit amt, fyn ik.”
Maar u liet zich dus toch strikken.
„Ja. Omdat it tsjinstber is oan in projekt dêr’t ik flak foar bin.”
Het lied heet ‘In pracht paad’ (troch 8k). U schrijft: ‘Ik rin lâns de beammen / Ik rin troch it grien / Hoe moai’t de Wâlden binne / Dat wit dochs elkenien’. U hebt u echt door uw eigen gemeente laten begeesteren.
„Kloppet. Doe’t ik ferline jier boargemaster waard, ha ik in oantal doarpskuiers dien. En no tocht ik: lit ik yn dit liet no ek ris in soarte fan kuier meitsje. Alle alve doarpen sittederyn. Dat wie ek de opdracht, hear. Mar Achtkarspelen is sa moai.”
„Ik bin ferline jier yn jannewaris ynstallearre. Yn de moannen dêrnei seach ik, as ik fan hús yn Dokkum nei Bûtenpost ried, hoe’t it lânskip hjir feroare. Hoe moai dat it waard. Dat wie ynspirearjend. It liet is in lofsang op de Wâlden wurden.”
„Trouwens, ynkoarten sille wy ferhúzje nei Bûtenpost. Ik sil sjen oft ik dêr ek wer in muzykstudio ynrjochtsje kin.”
Gaat u dit lied ook op Spotify zetten?
„Miskien letter, mar no earst noch net. It is no oan De Wâldsang om der mei te shinen.”
Bron: WIEBEREN ELVERDINK / Leeuwarder Courant


